Tess

Tess is dosint ‘Built Environment’ op NHL Stenden. Takom jier sil har lêste jier wêze, dêrnei giet se mei pensjoen. De measte minsken komme der op jonge leeftiid achter dat se oars binne, mar foar Tess wie dat net it gefal. Sy kaam dêrachter doe’t sy 35 jier wie.
25 jier lyn wie de sitewaasje om transgender minsken hinne noch hiel oars. It iennichste dat se doe dwaan koe wie har as frou ferklaaie, mar dat fielde net goed. Se woe net de rol fan frou spylje, mar echt in frou wurde. Noch mar fiif jier lyn koe se der mei nei bûten komme, nei freonen en kollega’s ta. Doe koe se begjinne oan de transysje nei de frou dy’t se altyd wêze woe.

Tess in het Nederlands

Tess har ‘coming-out’-ferhaal

De measte minsken (dy’t transgender binne) binne eins by harren berte al oars fan aard, by Tess wie dat net hielendal it gefal. Doe’t se 35 jier wie, seach se in frou dy’t der gewoan fantastysk útseach. Tess tocht dat de measte minsken mei har wol it bêd diele woenen, mar Tess woe krekt as har wêze. Sy wit no 25 jier dat se in frou wurde woe, mar is pas 5 jier lyn mei de transysje begûn. Doe’t se dat oan har suske fertelde naam dy dat net goed op, puer omdat sy tocht dat Tess jierrenlang in geheim foar har holden hat. Dat wie fansels net sa. Uteinlik akseptearre har suske de sitewaasje en joech se ta dat se eins altyd in suster hawwe woe.

Tess har kastfoarwerpen

Sprekterapy

As man hie Tess in swiere stim, dêrtroch moast se yn terapy om sa te besykjen har stim heger en frouliker te meitsjen. Se learde dêr ek dynamysker prate, omdat manlju faak monotoan binne. Ek learde sy frouliker te rinnen en hoe’t sy in bettere mimyk krije koe. Dat wie allegear ûnderdiel fan in lang proses.

Prûk

Doe’t Tess mei de transysje begûn hat sy noch koart hier, stikeltsjes. In goeie freondin fan har hat in prûk foar har makke dat sy brûke koe oat sy in hiertransplantaasje krige.

Hormoanpleisters

It earste foarwerp út har kast sil se de rest fan har libben brûke. Tess brûkt twa kear yn de wike in hormoanpleister om derfoar te soargjen dat se har froulike uterlik ûnderhâlde kin

Fraachpetear mei Tess

Coming Soon
Friesland Kleurt

Alle kasten

Friesland Kleurt

Alle kasten

Mail ons

Mail ons gerust voor vragen, advies, hulp of gewoon even zitten

Contact

Snekertrekweg 1
8912 AA Leeuwarden

058 212 4908

Ma t/m Vrij 13.00-17.00
info@FrieslandKleurt.nl

Stay in touch

/FrieslandKleurt
@FrieslandKleurt
@FrieslandKleurt
/user/FrieslandKleurt