Leon

Leon is 21 jier en wurket as parafeterinêr, assistint fan de feedokter. Hy wennet noch mei syn âlden yn Hoarnstersweach. Syn beide twillingsusters binne it hûs al út. Al frij jong kaam er derachter dat er oars nei famkes seach as syn freonen. Dêr begûn in syktocht om syn wiere ik te ûntdekken.

Leon in het Nederlands

Leon syn coming-outferhaal

Op frij jonge leeftiid kaam Leon derachter dat er oars tocht as syn freonen, dat sette him oan it tinken. Yn syn eigen wurden seit er: “Yn plak fan dat ik lykas oare jonges fan myn leeftiid nei in famke seach en tocht: Goh, dat is in moai famke, fûn ik se wol moai mar hie ik der net in gefoel by, ofsa.”
Sa’n ûntdekking is fansels lestich, Leon besocht dan kontakt te krijen mei famkes en se in bytsje te fersieren. Dat goe him altyd goed ôf, hy die it goed by de famkes en syn freonegroep bestie dan ek út mear famkes as jonges. Eksperimintearje wie foar him in grut ding. Hy woe der echt graach achter komme wat syn gefoel him no krekt fertelle woe. “Sadree’t ik mei in famke tute of ôfpraat hie, sprongen my de hierren oerein en tocht ik dat it net wie wat ik foar eagen hie. Dus ja.”
Leon wie op it lêst frij seker fan syn saak, syn omjouwing hie ek al wat fermoedens en syn famyljeleden krigen in protte fragen. Leon begûn wat om him hinne te sjen op dating-apps en hier dêr al gau súkses mei. It gie sels sa goed, dat er ferlechjes betinke moast foar wannear’t er mei him ôfprate soe. Dat giet fansels noait lang goed, want de ferealens strielt fansels fan ien ôf.
Op 11 novimber hat er it oan syn mem ferteld, in emosjoneel petear dêr’t alle details bepraat waarden en sa wie it hege wurd derút. Lokkich waard it goed opfongen en kaam Leon derachter dat it foar syn âlden mear de fraach wie fan ‘Wannear komt er dermei?’ as ‘Soe it sa wêze?’.

Leon’s kast-voorwerpen

Leon

Leon fynt it lestich en neam in foarwerp dat syn coming-out symbolisearret. Hy seit: “Ik ha hjir genôch dingen mei emosjonele wearde mar net wat spesifyk linkt is oan myn coming-out. Ik tink dat ik dan sels it bêste foarwerp bin, ik bin wa’t ik bin troch myn coming-out.:”

Fraachpetear mei Leon

Coming Soon
Friesland Kleurt

Alle kasten

Friesland Kleurt

Alle kasten

Mail ons

Mail ons gerust voor vragen, advies, hulp of gewoon even zitten

Contact

Snekertrekweg 1
8912 AA Leeuwarden

058 212 4908

Ma t/m Vrij 13.00-17.00
info@FrieslandKleurt.nl

Stay in touch

/FrieslandKleurt
@FrieslandKleurt
@FrieslandKleurt
/user/FrieslandKleurt